Yn dit Fryske, regionale bedriuw wurkst mei de leukste kollega’s oan technyske fragen fan klanten. Do learst hjir alles watst nedich hast, fan in modem resetten oant trainingen yn cyber security en AI. En it moaiste: do bist altyd foar it iten thús.
As Klantenservice Meiwurker bist do it haadpunt foar klanten mei technyske fragen. Tink oan in ynternetferbining dy’t hapert of in modem dy’t opnij ynsteld wurde moat. Gjin stress: as do Outlook en Excel in bytsje kinst, leare wy dy de rest.
Wurkje by in echt Frysk bedriuw, wêr’t de measte klanten yn it Frysk skilje. Praatst sels ek Frysk? Moai sa! Ferstean is trouwens ek prima. It team is lyts, tichtby elkoar en stiet altyd klear om inoar te helpen. Hjir telt elkenien echt mei, gjin nûmer, mar in namme.
Do wurkst tusken moandei en sneon fan 08:00 oant 17:00 oere. Dat betsjut: nea jûns, nea nachts, gewoan in strak ritme en lekker op tiid thús. Do kinst tusken de 16 en 32 oeren per wike wurkje, fleksibel yn te dielen.
Der is altyd romte foar ien om yn’e kunde te kommen. Ek as do noch twifelt, bist wolkom om ris lâns te kommen of te skiljen. Gewoan leechdrempelig, wy prate dy graach by oer de baan en it team.
Enthousiast? Reagearje dan hjoed noch en wa wit sitst takom wike al neist Johan, om tegearre de earste modems te resetten.
Bij Prowurk hechten wij weinig waarde aan je CV, wel aan de kwaliteiten die je hebt. Kun je die goed uitleggen aan de hand van je CV? Aarzel dan niet om hem alsnog toe te voegen